|
4 maaie 2010
Â
Doe’t ik frege waard om by de betinking  op 4 maaie in pear wurden te sprekken, tocht ik earst: wat moat ik dan sizze! Ik haw de oarloch net meimakke; heit en mem fertelden der wol ris oer, mar ik krige net it gefoel dat se der folle fan te lijen hân hiene. As boer koene je mei ruilhannel faak noch wol ris wat regelje. It wiene ferhalen oer ûnderdûkers, minsken dy’t om iten kamen. Ik leau net dat der ea in Dútske soldaat syn learzen by harren op it hiem setten hat.
Â
Mar al gau skeat my in ferhaal yn ’t sin dat ik in pear jier lyn hearde en dat my tige rekke. In ferhaal dêr’t út bliken docht dat sels hjoed de dei noch altyd gefolgen fan dy striid merkber binne.
Â
In ferhaal oer in jong famke. Yn de húshâlding dêr’t se opgroeide waard der oer de oarloch noait folle praat, it wie dan ek opmerklik dat it bern op skoalle fassinearre rekke troch de ferhalen oer Anne Frank, de joadeferfolging en de konsintraasjekampen.
Doe’t se wat âlder waard, seach se eltse oarlochsfilm, lies se boeken mei de aaklikste ferhalen.
De mem fernuvere har oer it bern. Wêr kaam dy obsesje dochs wei?
Â
As puber kaam se mei lichaamlike en psychyske klachten by in regressy-terapeut op de bank.
By it yntakepetear mjitte er har mei syn apparaten troch. De meter sloech út by de mage, de lever en de terms. ‘Dat binne allegear ûnferwurke emoasjes’, ferklearre de terapeut.
En doe ynienen dy ûnferwachte fraach, sûnder dat se wat oer harsels ferteld hie: ‘Wat hasto eins mei de twadde wrâldoarloch?’ Net te leauwen!
Op de folgjende sesje naam er har by de hân om werom yn de tiid te gean, nei har eardere libben. Hy hie har warskôge: ‘Ik wit net wat der foar it ljocht komt, it kin tige konfrontearjend wêze, kinst ek oan de oare kant stien ha!’
Dochs doarst se de útdaging oan, se woe it witte. Se naam har plak op de bank yn en moast fertelle wat se seach. ‘Tink oan in feilich plak.’
Doe’t se dat die, kaam der in famke op har tarinnen, in famke mei lang dûnker hier, in Joadsk famke: dat wie sy! It fielde as wie it har suske. Trettjin jier wie se doe. Alder soe se ek net wurde.
Â
Se seach har ‘oare’ mem, in Joadske frou. Har heit, net fan Joadske komôf wie der net by, dy hie harren yn de steek litten, mem wie alles wat se hie.
Op in oar momint seach se harsels yn in konsintraasjekamp werom. Yn de minske-kliber waard se wreed fan har mem skieden. Dat net te beskriuwen gefoel fan panyk en fertriet.
Yn de gaskeamer hie in ûnbekende frou har oer it bange bern ûntferme. ‘Jou my mar in hân, it is sa foarby.’ Nei de dea seach se har mem werom, dat joech har in enoarm gefoel fan frede en rêst. Mem wie net foar altyd fuort!
Â
Skeptisy sille fragen by sa’n ferhaal sette, mar foar it famke en har âldelju foelen der puzelstikjes teplak. It joech in ferklearring foar it feit dat se as lyts bern mem letterlik en figuerlik altyd oan de rokken hongen hie. Elk ôfskie hie in drama west: dy earste gong nei it pjutteboartersplak, nei de basisskoalle, de skoallereiskes. Altyd wer deabenaud dat se mem net weromsjen soe. Ut skoalle wei net mei oaren boartsje wolle, mar sa gau as mooglik nei mem ta, dy siet op har te wachtsjen!
Â
Letter as puber dy twastriid, dy los fan dyn âlden meitsje wolle, mar tagelyk dy grutte eangst om allinne dy ûnbekende wrâld yn te gean.
It aparte wie, nei de sesje wie de hiele fassinaasje foar oarloch en wat dermei te krijen hat, ynienen finaal oer. Se wie der klear mei.
Â
Ik leau yn dit ferhaal. Foar my is it in bewiis hoelang en hoefolle gefolgen striderij tusken folken foar minsken ha kin. Noch altyd, fiifensechtich jier nei dato, komme der nije ferhalen foar it ljocht, wurde der boeken oer skreaun, films oer makke. Sels jonge minsken, jierren nei de tiid berne, ha der noch lêst fan.
It bliuwt net te begripen wat minsken elkoar oan dwaan kinne, al dat lijen, dy pine, dat fertriet. Soks mei nea wer barre!
Â
Auck Peanstra
Â
 |