Nieuwsbrief De Maeyebeam




Evenementen

Nieuws Omrop Fryslân
Omrop Fryslân
Omrop Fryslân - Alle dagen nij
Omrop Fryslân - Alle dagen nij
  • Fermiste Drachtster te plak
    De plysje hat sneontemiddei in sykaksje holden nei in 56-jierrige man út Drachten. De man wie mei syn frou oan it fytsen yn de buert fan Doezum doe't syn frou him út it each ferlear. De plysje socht yn de omkriten fan Drachten, Doezum en Surhústerfean en skeakele de media yn. De man is oan t begjin fan de jûn yn Aldwâld troch minsken dy't er miende te kennen, opheind. Sy warkôgen de plysje.
  • Bouwmeester noch kâns op titel
    Mei noch ien dei te gean hat sylster Marit Bouwmeester noch altyd de kâns om har wrâldtitel te prolongearjen by it WK Laser Radial yn it Dútse Boltenhagen. Sneon sylde de regerend wrâldkampioene nei in 9e en 10e plakje. Ek har direkte konkurintes lieten it wat ôfwitte, wêrtroch it spannend bliuwt boppeoan. Mei noch twa races te gean op de slotdei giet de Sineeske Lijia Xu noch altyd oan kop. Mar neffens Bouwmeester sil alles oankomme op de lêste twa races.
  • Harkiten winne beslissingsduel
    Harkemase Boys hat de beslissingswedstriid om neikompetysje yn de topklasse mei 2-0 wûn fan SVZW. Yn Hoogeveen begongen de Harkiten poerbêst oan de wedstriid. Marcel Pannekoek tekene binnen in minút foar de iepeningstreffer. Nei in kertier spyljen sette Roel van der Meulen de Harkiten mei in prachtige lob op in komfortabele 2-0 foarsprong. Yn de twadde helte krige SVZW in hânfol goeie kânsen op de oanslútingstreffer, mar keaper Jacob de Vries hold it doel mei in pear knappe reddingen skjin. De winst kaam yn ekstra tiid net mear yn gefaar.
  • LDODK ferliest fan koprinner
    De kuorballers fan LDODK ha yn Alphen aan de Rijn mei 18-15 ferlern fan koprinner Tempo. Yn in lykopgeande striid wie Tempo yn de earste helte de boppelizzende ploech, mar LDODK wist knap yn it spoar te bliuwen. Nei 35 minuten spyljen stie der in tuskenstân fan 10-8 op it boerd. Nei it skoft itselde wedstriidbyld, wêryn't de koprinner mei lange oanfallen de foarsprong stadichoan útwreide. Mei noch in kertier te spyljen sette Tempo de beslissende 17-12 op it boerd, wêrnei't de wedstriid spile wie.
  • Naturistekemping 50 jier
    De Fryske ôfdieling fan naturiteferiening Zon en Leven bestiet 50 jier. Dit wykein is der dêrom in lyts feest by kemping de Appelhof yn Sânhuzen. De earste naturisten wiene benammen idealistysk, mar der is yn in hiele ieu tiid in soad feroare. Sa wie it yn it begjin bygelyks ferbean om fleis te iten en alkohol te drinken, mar dat is no net mear it gefal. Ek is der hieltyd mear lúkse te finen. Eartiids wie it net iens mooglik om waarm te dûsjen, mar no is der sels al in wifi-ynternetferbining beskikber.
  • Foto's dossier Vaatstra op tv
    Justysje lit foar it earst foto's op tv sjen út it dossier fan de saak Vaatstra. Hoewol't dêr neffens de famylje konfrontearjende bylden by sitte, is der dochs tastimming jûn. Snein makket justysje mear bekend. In saneamd 3D-team wurket al jierren oan de saak. Se hawwe mei de nijste techniken ûnder oaren it plak yn kaart brocht dêr't Marianne Vaatstra út De Westereen yn 1999 ferkrêfte en fermoarde is. De konklúzjes fan it 3D-team wize dúdlik op ien senario en dat wurdt snein bekend makke yn it misdiedprogramma fan Peter R. de Vries.
  • Nij rekôr roei-alvestêdetocht
    By de Alvestêderoeimaraton is sneon in nij rekôr delset. In estafettekombyploech út Assen hat de tocht fan 207 kilometer yn hast 13 oeren ôflein, in kertier rapper as it rekôr fan it jier derfoar. De alvestêderoeimaraton is dit jier foar de 27e kear hâlden. Freedtejûn om acht oere setten de roeiers ôf en der waard dus foar in flink part nachts roeid. It roeiteam út Assen hat no trije kear achterelkoar wûn.
  • De Vries rapste op 1000 meter
    Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, hat freedtejûn de nasjonale titel pakt op de 1000 meter by it NK skeelerjen. Op har thúsbaan yn Haulerwyk pakte se har earste gouden medalje. Tongersdei pakte De Vries al it brûns op de 300 meter en it sulver op de ôffalkoers. Troch dizze prestaasjes is se wis fan pleatsing foar it EK inline-skaten yn Hongarije. Mei har ploechgenoates Bianca Roosenboom en Manon Kamminga dominearret de rydster fan team Sprog it nasjonale kampioenskip.
  • Frou mei auto yn sleat
    In 20-jierrige ynwenster fan Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon lichtferwûne rekke by in ûngelok by Lúkswâld. De frou is nei alle gedachten troch wurgens de macht oer it stjoer kwytrekke. Sy bedarre dêrnei mei har auto yn de sleat. De frou is troch omstanners út de auto helle. Se is mei ferwûnings oan de foet oerbrocht nei it sikehûs.
  • Hurdrider rydbewiis kwyt
    In 27-jierrige automobilist út Winaam is freedtejûn syn rydbewiis kwytrekke foar te hurd riden. De man passearre in snelheidskontrôle mei sa'n 187 kilometer yn 'e oere dêr't 120 tastien wie. Ek krige de man in proses-ferbaal.
Loading...

 
Bladwijzer voor deze SiteBladwijzer voor deze PaginaSite als StartpaginaPrint deze PaginaDeel deze paginaPagina opslaan als PDFE-mail deze pagina